Hindrik VI, Diel 3

Hindrik VI, Diel 3
Foarside fan 'e 1ste útjefte (ûnder in alternative titel).
Foarside fan 'e 1ste útjefte (ûnder in alternative titel).
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry VI, Part 3
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591-92
1e publikaasje 1595, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik VI (3)
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik VI, Diel 3, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 3 (folút eins: The Third Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it trêde diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 1 en Diel 2 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.

Hindrik VI, Diel 3 begjint fuort nei it bloedbad dat de yorkisten ûnder de lankestrianen oanrjochten yn 'e Earste Slach by St. Albans, yn 1455, dat ornaris as it begjin fan 'e Roaze-oarloggen sjoen wurdt, en einiget mei de moard op Hindrik VI, yn 1471. It toanielstik giet benammentlik yn op 'e ferskrikkings dy't de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs oer it lân brocht en de barbarij dêr't de Ingelske adel ta ferfoel. Hoewol't Hindrik VI, Diel 3 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it stik moat net foar wier oannommen wurde. Dit toanielstik hat de langste monolooch fan al Shakespeare syn stikken (3.2.124-195), en teffens de measte fjildslaggen (fjouwer op it poadium en ien dêr't ferslach fan dien wurdt). Hindrik VI, Diel 3 is nei gedachten yn 1591 of yn begjin 1592 skreaun, en waard foar it earst útjûn yn 1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy